Neder-Michigan

In lânkaart dêr't de ûnderskate regio's fan 'e Amerikaanske steat Michigan op oanjûn binne. Neder-Michigan omfiemet alle regio's útsein Opper-Michigan, dat hjir yn dûnkergrien oanjûn is as Upper Peninsula.

Neder-Michigan (Ingelsk: Lower Michigan), of it Neder-Michigan-skiereilân (Ingelsk: Lower Michigan Peninsula of Lower Peninsula of Michigan), is in grut skiereilân yn it gebiet fan 'e Grutte Marren, oan 'e Amerikaansk-Kanadeeske grins. Tegearre mei Opper-Michigan foarmet dizze kontrei de Amerikaanske steat Michigan.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search